Doarpsomropper is wer werom

© Omrop Fryslân
Beetstersweach hat de doarpsomropper wer yn eare hersteld. It inisjatyf is naam troch in groep middenstanders en organisaasjes dy't it toerisme yn it doarp fersterkje wolle.
Doarpomropster 'Marietje van Aagje van Dirk' biet tongersdeitemoarn it spits ôf. Rinnend troch de strjitten fan Beetstersweach rôp se minsken op om nei de beltsjeblomsjo te kommen yn 'e Tropyske Kassen yn it doarp.