Harkemase Boys wol promoveare

Harkemase boys wol eventueel promovearje
Haadklasser Harkemase Boys hat wol belangstelling foar eventuele promoasje nei de Jupiler League. Neist degradaasje wurdt no ek promoasje nei de earste divyzje mooglik.
De club dy't amateurkampioen fan Nederlân wurdt mei promovearje nei de Jupiler League. Wol de club net, dan komt ien fan de oare kampioenen fan de haadklasse yn de beneaming. Harkemase Boys wol allinnich promovearje as de garânsje der is dat se net op snein hoege te fuotbaljen.