Betrape op winkelstellerij

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdei in 20-jierrige frou oppakt fanwege stellerij út in winkel yn Dokkum. De frou waard troch in meiwurker fan de winkel betrape doe't se foar 600 euro oan kosmetika besocht mei te nimmen. Ut it plysje-ûndersyk die letter bliken dat de frou gjin ferbliuwsfergunning foar ús lân hat. Se is dêrom oerdroegen oan de frjemdelingeplysje.
In man dy't mei de frou de kosmetika besocht te stellen is útnaaid. Hy wurdt nocht socht troch de plysje.