Dief stelt weardefolle ketting

31 jul 2008 - 11:12

Yn Dokkum is woansdeitenacht in 82-jierrige bewenner fan it Peerdepadsje bestellen fan in grut tal saken, ûnder oare in gsm, in kamera en in ketting mei grutte emosjonele wearde. It giet om in flochten gouden kettinkje mei dêroan in hartsje mei in foto deryn fan de ferstoarne soan fan de man.

De bewenner waard wekker en seach noch krekt in skym by syn bêd delrinnen, dy't weiwaard troch it rút fan de sliepkeamer. De plysje wie der gau by, mar koe de ynbrekker net mear fine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)