Slachtoffer (9) kaam út Doezem

31 jul 2008 - 10:29

It famke dat woansdei om it libben kaam by in ûngelok op Skiermuontseach is in famke fan njoggen út it Grinslanner Doezem.

It famke rekke mei har fyts op de rydbaan, krekt op it momint dat dêr in bus oankaam. De sjauffeur fan de bus koe in oanriding net mear foarkomme. It famke wie nei alle gedachten op slach dea. De plysje docht noch wol ûndersyk nei de krekte tadracht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)