Peter de Koe wint IFKS Sleat

De rûte by Sleat
Peter_de_Koe wûn woansdei it IFKS skûtsjesilen op de Sleattemermar. It wie in koarte wedstriid mei in soad protesten. Walter_de_Vries lei in skoft op in twadde plak, mar moast nei in flater in draai meitsje om in protest fan De Koe foar te kommen. Dêrtroch koene Tony_Brundel en Jacob_Huisman twad en tred wurde.
Al mei al wiene der fjouwer protesten. Delmer_Los finishte net en krijt dus 16 punten. Klassemintslieder Siebo_Zijsling waard fjirtjinde.