Neat mis mei oanlis wenwyk

30 jul 2008 - 12:45

De oanlis fan de nije wenwyk de Zuidlanden by Ljouwert kin gewoan trochgean. De Raad van State hat de lêste beswieren woansdei ôfwiisd. Dêrmei is in ein kommen oan in jurydyske striid fan trije jier.

Doarpsbelang Goutum hie beswier oantekene tsjin de oanlis fan in part fan de nije wyk: it bestemmingsplan Techum. Goutum fynt dat de buffersône tusken it doarp en de wyk net passend is. Der soe ek te min rekken hâlden wêze mei de belangen fan greidefûgels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)