Dútske fiskstreupers oppakt

30 jul 2008 - 11:57

It fiskstreuperij Fryslân hat tiisdeitenacht op de Koufurdermar fjouwer Dútsers oanhâlden. De manlju wiene oan it fiskjen mei angels en yllegale netten. Se binne foarlaat oan de offisier fan justysje en ha in proses ferbaal krigen. In sleepnet en santich meter steand want binne yn beslach naam.

It streuperijteam is al in pear jier aktyf, omdat der geregeld yllegaal fiske wurdt. De boetes kinne oprinne oant hast 17.000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)