Problemen brêge Spannenburg

30 jul 2008 - 10:55

Der hat woansdei in koarte steuring west by de brêge fan Spannenburg. Trochdat in auto mei dêr efter in hynstetrailer tsjin de slachbomen oanriden wie, woe de brêge oer it Prinses Margietkanaal net mear nei ûnderen.

Monteurs fan de provinsje hawwe it probleem oplost. De steuring soarge foar in file fan sa'n trije kilometer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)