Man slacht brêgewipper

30 jul 2008 - 09:53

De plysje hat tiisdei in 44-jierrige Ljouwerter oppakt op fertinking fan mishanneling. De man soe yn Snits in brêgewachter slein hawwe. Dat die er nei't de brêgewachter him oansprutsen hie op syn fargedrach.

Der ûntstie rûzje tusken de twa en de Ljouwerter soe dêrby neffens tsjûgen de earste klap útdield hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)