Slachterij noch net oernommen

Takomst Friesland Vlees noch ûndúdlik
It is noch hieltyd net bekend wa't slachterij Friesland Vlees yn Ljouwert oernimt. Der is in groep ynfestearders dy't belangstelling hat foar it fabryk, mar dy wol earst mear witte oer de bedriuwsfiering fan de slachterij foardat in bod dien wurdt.
Dat sei FNV-bestjoerder Dick Heinen tiisdeitejûn. Wat foar groep of bedriuw it is, wol Heinen noch net sizze. De FNV-bestjoerder praat woansdei mei de advokaat fan de groep dy't it fabryk mooglik oernimme wol.