Wetterproef by bystânsfraude

© Omrop Fryslân
Yn Noardwest Fryslân is foar hast 5 ton oan bystânsfraude oan it ljocht kommen, ûnder oare troch de saneamde wetterproef. Der wiene oer 2007 alve fraude gefallen foar in bedrach fan 475 tûzen euro. Yn 6 of 7 gefallen is dat útsocht mei de wetterproef.
Dat betsjut dat der in keppeling makke wurdt mei de bestannen fan de wetterlieding. As it wetterferbrûk dan bot tanimt, kin dat wize op byelkoar wenjen en dat moat meld wurde yn ferbân mei de hichte fan de útkearing.