Oplossings fine foar leechrin

29 jul 2008 - 17:12
Foto: Omrop Fryslân

Twa teams fan stêdeboukundigen en arsjitekten sille yn septimber oplossingen betinke foar de leechrin fan doarpen yn Frjentsjerteradiel en Dongeradiel. Sy dogge dat yn it ramt fan it projekt 'Ontwerplab Krimp'.

Yn it noardeasten en noardwesten fan de provinsje stean in soad huzen leech. It ynwennertal fan de doarpen nimt ôf. De stêdeboukundigen en arsjitekten sille in pear kear mei- elkoar prate om oplossingen te betinken.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)