Fergees parkeare yn Snitswike

29 jul 2008 - 15:26
Foto: Omrop Fryslân

Minsken dy't mei de auto nei de Snitswike komme, kinne de auto de hiele dei fergees parkeare op it terrein fan CPS-color oan de Oppenhuzerwei yn de stêd. Dêr is plak foar 300 auto's.

It terrein is in kompensaasje foar it tydlik ferdwinen fan de parkearplakken by it Boschplein. Dêr wurdt dizze hjerst begûn mei de bou fan in parkeargeraazje.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)