Man yn Ljouwerterbosk berôve

29 jul 2008 - 10:44

In 37-jierrige man is moandeitejûn yn de Ljouwerterbosk by Ljouwert oerfallen troch fjouwer manlju. Hy waard fan syn fyts lutsen en seit dat er skopt is en in fjoerwapen tsjin de holle krige. Dêrnei ha de oerfallers syn kaaien, mobile tillefoan en in pear fiskangels fan him ôfpakt.

De man rekke net ferwûne en is fuort nei de plysje gien. Neffens it slachtoffer kamen der minsken oan doe't er oerfallen waard. De plysje freget of dy har melde wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)