Ockels: fearboaten op elektro

Wittenskipper Wubbo Ockels
De grutte fearboaten op it Waad kinne sûnder problemen farre op elektromotors. De útstjit fan CO2 kin dan mei mear as de helte werombrocht wurde.
Wittenskipper Wubbo Ockels hat dêrfoar in plan makke. Neffens Ockels kinne ferwikselbere akku's brûkt wurde. Dy kinne pleatst wurde yn konteners dy't mei frachtweinen maklik ferriden wurde kinne. De besteande diselmotors bliuwe oan board as reserve-oandriuwing.