Frou ferwûne yn Menaam
By in ûngelok op de Bitgumerdyk yn Menaam is in 28-jierrige frou ferwûne rekke. De frou siet yn de auto by in man út Sint Anne dy't gjin foarrang krige fan in oare auto.
De man botste earst tsjin dy auto en doe tsjin in lantearnepeal. Syn passazjiere moast troch de brânwacht út de auto knipt wurde. Se is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.