Fertochten autoynbraken oppakt

29 jul 2008 - 10:23

De plysje hat mei de oanhâlding fan twa Poalen sa'n 160 auto-ynbraken yn Noardeast-Fryslân oplost. De man en frou waarden yn maaie al sinjalearre yn Dokkum, dêr't se opfoelen omdat se har fertocht gedroegen. De plysje koe neat strafbers ûntdekke, mar hat har gegevens wol opskreaun.

Letter waarden mear auto-ynbraken ûntdutsen wêrby't tsjûgen minsken seagen dy't oan it sinjalemint fan de twa Poalen foldiene. Op grûn dêrfan binne se ein juny oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)