Stroomsteuring op It Amelân

28 jul 2008 - 21:16
Foto: Omrop Fryslân

In diel fan Ballum en Hollum op It Amelân hat moandeitejûn om kertier foar sânen sûnder stroom sitten. Der wie in steuring ûntstien yn in transformatorhokje oan de Pietje Miedeweg by Hollum.

De brânwacht waard oproppen, omdat it hokje hyt wurden wie. Doe't dy oankaam, wie de stroom al fuortfallen. De brânwacht hat in lint spand om it hokje. De bakker hat in aggregaat brûkt fan de brânwacht.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)