Brêge Akkrum mear iepen

28 jul 2008 - 20:56

De Weidlânsbrêge yn Akkrum wurdt tenei ek tusken de middei en oan de ein fan de middei betsjinne, sûnder skoft foar de brêgewipper. Dat hat de gemeente Boarnsterhim besletten. De gemeente wol oanslute by de betsjinningstiden fan de provinsje.

Sûnt de ferheging fan de spoarbrêge fan Akkrum ûntstiene der somtiden rijen foar de Weidlânsbrêge, omdat dy net betsjinne waard. De ferromming fan de iepeningstiden duorret yn elts gefal oant 1 septimber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)