Gjin ferrassende lotting PC

Chris syn lêste PC (foto Martin de Jong)
De lotting foar de 155ste PC hat yn de earste omloop in nijsgjirrige konfrontaasje opsmiten tusken it partoer fan Johan vd Meulen en dat fan Klaas Berkepas. Beide partoeren wurde sjoen as favoryt foar woansdei.
It sterke partoer Rutmer vd Meer en de broers Wassenaar hat it net min troffen. Sy sitte yn it wat lichtere twadde blok en spylje earst tsjin it op papier minder sterke partoer fan Wilco Rinia. Mar dêr ferlearen se snein yn Arum noch wol kânsleas fan.