Zijsling wint IFKS Starum
De twadde IFKS-wedstriid op ´e Iselmar by Starum waard moandei wûn troch Siebo_Zijsling. Hy wist de hiele wedstriid lang de oare skûten efter him te hâlden. Twad waard Jacob_Huisman, tred Martin_Vlasbloem.
Yn ´e middenmoat wiene der in soad wikselingen, dêr´t Tony_Brundel en Walter_de_Vries net altiten goed útkamen. In oanfarring tusken Peter_de_Koe, Sieb_Meijer en Delmer_Los resultearre yn trije protesten.