Suyderoogh ticht troch brân

28 jul 2008 - 15:16

Restaurant Suyderoogh yn Lauwerseach is de kommende trije wiken ticht fanwege in brân. De brân waard ôfrûne sneon sjoen troch omstanners, de brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. Dochs is der in soad reek- en wetterskea en it duorret wiken foardat alles wer skjin en reparearre is.

Nei alle gedachten is it fjoer ûntstien troch koartsluting yn de kuolling efter de bar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)