Oername slachterij tichtby

It fakbûn FNV ferwachtet dat tiisdei bekend wurdt wa't Slachterij Friesland Vlees oernimt. Neffens FNV-bestjoerder Dick Heinen giet it om in groep ynvestearders dy't belangstelling ha soe foar it fabryk. Heinen tinkt dat de slachterij dan wer útgroeie kin ta ien fan de grutste slachterijen fan Nederlân.
Ferline wike makke eigner Wildeboer bekend dat it slachtsjen foarearst oer is. Tongersdei binne de lêste keallen slachte.