Mannen oanhâlden yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert binne yn de nacht fan snein op moandei in Ljouwerter (29) en in man (26) út Gouda oanhâlden, op fertinking fan ynbrekkerij. De plysje krige in tip dat de twa yn de omkriten fan de Harkemastate om in hûs hinne rûnen en mooglik oan it ynbrekken wiene. De twa naaiden út doe't de plysje deroan kaam, de iene rinnende, de oare yn in auto.
De plysje koe de man út Gouda, dy't rinnende útnaaid wie, oanhâlde. De oare man melde him letter by it buro.