Trije ferwûnen by ûngelok

28 jul 2008 - 10:21

By in ûngelok op de Kleasterwei bij Baaium binne snein trije minsken ferwûne rekke. In man (53) út Frjentsjer soe oerstekke, mar seach te let dat der in motor oankaam. Dy ried de fytser oan. De motorrider, syn byrider en de fytser rekken alle trije ferwûne en binne nei it sikehûs brocht.

Neidat se dêr behannele wiene, koene se wer nei hûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)