Froulju biten troch hûnen

© Omrop Fryslân
Twa froulju út Ljouwert en Sint Anne binne snein troch twa hûnen biten. De frou út Ljouwert liet op de Schieringerwei yn de stêd har hûntsje út doe't der twa boxers op har hûn ôfkamen. Doe't se it bistje drigen te biten, tilde de frou har hûntsje op.
Ien fan de boxers sprong omheech en biet de frou in pear kear yn de earm. In oare frou dy't har helpe soe, waard ek biten. Beide froulju moasten nei it sikehûs.