De Groot is Helmholt de baas

By de junioaren wûn Alwin Fonk
By de fierljepfinale fan it NFM (Nederlânske Fierljep Manifestaasje) op It Heidenskip hat Jaco de Groot it yn de topklasse wûn mei in sprong fan 20.16 meter. Bart Helmholt fan Hurdegaryp waard twadde mei 19.79 m.
By de junioaren wûn Alwin Fonk fan Burgum mei in persoanlik rekord fan 19.30 meter. Hans Ulco de Boer fan Jutryp pakte de winst by de jonges mei 16.03 m. By de froulju wûn Anna Jet Leijenaar fan Snits mei 14.71 meter.