Schuil ferliest finale

27 jul 2008 - 16:53

De Ljouwerter Richard Schuil hat mei syn maat Reinder Nummerdor de finale fan it grandslamtoernoai yn Gstaad ferlern.

De beachvolleyballers moasten yn in swiere en spannende finale belies jaan tsjin it Brazyljaanske duo Harley Marques en Pedro Solberg. De setstannen wiene 16-21, 24-22 en 13-15.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)