Waar pleaget ek wettersporters

27 jul 2008 - 16:13

It needwaar hat ek guon wettersporters yn de problemen brocht. It rêdingsstasjon fan de KNRM op 'e Lemmer moast sneontejûn foar fiif boaten yn aksje komme. Benammen by de haven fan Starum wie it in gaos. Minsken stiene oant de skouders yn it wetter om mei touwen in boatsje fan in ûndjipte te lûken. Deromhinne jakkeren in tal rubberboatsjes dy't ek besochten de boat flot te lûken.

De Lemster rêders holpen yn it minne waar ek noch in sylboat yn need.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)