Fierljeppen ferset nei snein

26 jul 2008 - 21:23
Foto: Omrop Fryslân

De finale fan de Nederlânske Fierljep Manifestaasje (NFM) yn It Heidenskip is sneontejûn yn it wetter fallen. In dikke tongerbui makke springen ûnmooglik. En dus siet der foar de organisaasje neat oars op as de wedstryd ôf te brekken.

De finale wurdt no op sneintemiddei 27 july hâlden. De wedstryd begjint dan om 14.30 oere.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)