Tony Brundel earst by IFKS

De earste IFKS-wedstriid op ´e Iselmar by Hylpen is sneon wûn troch Tony_Brundel. Hy lei sa´n ein foar dat er de fjouwer efterste skûtsjes alwer ynhelle hie. Twad wie Siebo_Zijsling, tred Jacob_Huisman.
De wedstriden fan de Lytse A en B en C klasse wiene earder ôflast om´t der te min wyn stie. De Grutte A is syld mei in wynkrêft twa. Dit makke it in rêstige wedstriid dêr´t de skûten in ein út inoar leine.