Swimfiver Schatzenburg iepen

26 jul 2008 - 15:53

De swimfiver op rekreaasjepark Schatzenburg yn Menaam is sneontemiddei lang om let iepene. De fiver is útdjippe en breder makke. De fiver soe al folle earder yn gebrûk naam wurde, mar dat slagge net omdat it strân om de fiver hinne noch net genôch úthurde wie. En der dêrtroch gefaar wie foar driuwsân.

De fiver is no hielendal klear foar gebrûk en dêr wie fuort al aardich belangstelling foar. Swimme yn de fiver fan Schatzenburg is fergees.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)