Schuil yn kwartfinale Gstaad

© Omrop Fryslân
Beachvolleyballer Richard Schuil fan Ljouwert hat mei syn maat Reinder Nummerdor de kwartfinale berikt fan it Grandslamtoernoai yn Gstaad. De Europeeske kampioenen Schuil en Nummerdor wûnen mei 21-19 en 21-13 fan de Switsers Sascha Heyer en Patrick Heuscher.
Yn de kwartfinale spylje de Nederlânners tsjin it Dútske duo Julius Brink en Christoph Dieckmann. Dit twatal is as earste pleatst, Schuil en Nummerdor as twadde.