Drachten: guod stellen út hûs

26 jul 2008 - 12:53

Yn Drachten binne earder fannewike flink wat apparatuer en sierraden stellen út in hûs oan de Veenscheiding. De dieven hawwe in doar iepenbrutsen. Dat moat west hawwe tusken tiisdeitemiddei en tongersdeitenacht.

Se hawwe ûnderoaren in harddiscrecorder, in fideokamera en in digitaal fototastel meinommen. De 32-jierrige bewenner fan it hûs hat oanjefte dien by de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)