Jild stellen út wenning

26 jul 2008 - 12:24
Foto: Omrop Fryslân

Oan de Wjitteringswei yn Jirnsum is fannewike ynbrutsen yn in wenhûs. Neffens de plysje moat it bard wêze tusken moandeitemiddei en freedtemiddei.

De dieven binne binnenkaam troch de efterdoar. Dy is iepenbrutsen. Der is allinnich wat jild stellen. De 35-jierrige bewenner fan it hûs hat oanjefte dien by de plysje.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)