Tongerdrokte foar brânwacht

Oan de Ingelumerdyk by Menaam is freedtejûn brân ûntstien yn in wenhûs, nei in ynslach fan it wjerljocht. De ynslach wie yn in hoeke fan it hûs. Trochdat it praktysk wynstil wie, koe foarkommen wurde dat it fjoer him fluch ferspriede koe.
Ek op oare plakken yn it noardwesten fan Fryslân wiene ynslaggen, ûnderoaren op Skylge, yn Winaam en yn Frjentsjer. Dy ynslach wie oan it Oudplein yn de stêd, mar der wie net folle skea.