Fertraging foar treinreizgers
Minsken dy't sneon mei de trein nei de rânestêd wolle, moatte rekken hâlde mei flinke fertraging. Fannacht is de wjerljocht ynslein yn de buert fan Amersfoort. Derom kinne dêr hielendal gjin treinen ride.
Trochgeande reizgers moatte neffens Prorail omride fia Arnhem, it is net dúdlik hoelang oft dit noch duorret.