Skûtsje It Fean sneon huldige

De bemanning fan it Hearrenfeanse skûtsje sil sneon yn Hearrenfean huldige wurde. Om kertier oer ienen set it skûtsje mei syn bemanning en de wethâlders fan Hearrenfean by it fiadukt oan de Ljouwerter strjitwei ôf. In heal oere letter komme se dan oan op it Breedpad, dêr wurde se ûntfongen troch boargemaster De Jonge.
Om healwei trijen wurdt de bemanning fan de 'Gerben van Manen' huldige op in poadium oan de Oude Koemarkt yn it sintrum fan It Hearrenfean.