Plannen foar sintrum It Fean

It Kuperusplein moat beboud wurde.
Der moat in tram komme yn it sintrum fan It Hearrenfean. Dat fynt André Gout fan De Knipe, dy't krekt ôfstudearre is oan 'e Universiteit fan Delft op in herstrukturearringsplan fan it sintrum fan It Fean.
Hy fynt ek dat it nije Thialf tsjinoer it Abe Lenstrastadion komme moat, in nij stasjon tichtby it sintrum en bebouwing op it Boargemaster Kuperusplein. Syn ôfstudearprojekt is beoardield mei in 8,5 en wurdt nei de fakânsje oan de gemeente presintearre.