Sweed definityf nei It Fean

25 jul 2008 - 12:02
Viktor Elm

De Sweedske middenfjilder Viktor Elm komt definityf nei Sportclub Heerenveen. Der wie al sprake fan dat Elm in kontrakt tekenje soe, mar no binne einlings de lêste hantekens set. De 22-jierrige Elm komt oer fan Kalmar FF. Hy tekenet in kontrakt foar trije en in heal jier.

Elm komt net earder as yn jannewaris 2009 echt nei It Hearrenfean, hy makket earst de Sweedske kompetysje ôf mei Kalmar FF.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)