Banen fuort by plysje

De plysje moat flink besunigje
By de plysje yn Fryslân, Grins en Drinte sille de kommende jierren tusken de 100 en 150 banen ferdwine troch besunigings fan minister Guusje ter Horst. De minister sil lanlik 100 miljoen euro besunigje by de plysje. It moat allegear effisjinter. Plysjefakbûn ACP ferwachtet dat de besuniging yn it hiele lân sa'n 1000 banen kostje sil.
Yn it Noarden giet it om stypjende funksjes lykas de automatisearring en de administraasje.