Twa ynbraken yn Ljouwert

25 jul 2008 - 10:26

De plysje hat tongersdei by in sportkompleks oan it Kealledykje in ynbrekker op de die betrape. Omdat it alarm ôfgong wie de plysje derhinne gien. Mei help fan in speurhûn betrape de plysje in 18-jierrige ynwenner fan Ljouwert. Nei alle gedachten wiene der mear ynbrekkers, mar dy koene útnaaie. De dieven namen in kassalaad mei, dat bûten wer fûn waard.

Ut in hoarekasaak oan de Stinzenflora is fan woansdei op tongersdei jild en in klúske stellen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)