Motor oanriden by Warfstermûne

25 jul 2008 - 10:19

Op de Kwelderwei by Warfstermûne hat tongersdei in oanriding west tusken in motorrider en in frachtauto. In 53-jierrige frou út Grinslân waard troch in achteropkommende frachtwein oanriden. Dit barde neidat de motorrider op de rem moast foar in tsjinlizzer. De frou en har passazjier foelen fan de motor en kamen yn de berm telâne.

De passazjier, in famke fan 16 út Hoenderloo, is foar behanneling nei it sikehús brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)