Yn bolbus oer de Ofslútdyk

Mei in bolbus de ôfslútdyk oer.
Yn 2007 bestie de ôfslútdyk 75 jier. Dêrom giet der fanút Fryslân yn augustus 4 kear in histoaryske bustoer oer de ôfslútdyk. De toer wurdt makke yn in histoaryske, saneamde bolbus. Sokke bussen rieden tusken 1955 en 1977 alle dagen oer de dyk. Mei in gids dy't sels noch meiboud hat oan de ôfslútdyk rydt de bus ûnder oare by it monumint, it Kazemattemuseum en Wieringen lâns.
De toer rydt fanút Harns, mar kin ek fanút Wieringen makke wurde.