Goeie wike foar film Verhoeff

De nijste film fan de Fryske regisseur Pieter Verhoeff hat in bysûnder goeie iepeningswike achter de rêch. Yn totaal seagen al mear as 75.000 minsken de film "De Brief voor de Koning". De film is basearre op it boek mei deselde namme fan skriuwster Tonke Dragt.
Mei de goeie sifers fan de earste wike komt "De Brief voor de Koning" binnen op it fjirde plakje yn de top 20 fan bêst besochte films fan no.