Mooglik trochstart slachterij

24 jul 2008 - 18:24

Der soe in mooglike oernamekandidaat wêze foar slachterij Friesland Vlees. Dat seit FNV-bestjoer Dick Heinen. Oer in mooglike trochstart soe nije wike mear dúdlikheid komme moatte. Neffens Heinen giet it om grut en sûn bedriuw dat de slachterij oernimme wol.

Direkteur Wildeboer fan Friesland Vlees hat syn leveransiers melden dat syn bedriuw tichtgiet. Tongersdei binne de lêste keallen slachte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)