Winst foar Schuil en Nummerdor

24 jul 2008 - 16:45
Richard Schuil wint ek yn Gstaad

Beachvolleyballers Richard Schuil en Reinder Nummerdor hawwe op it Grandslamtoernoai yn Gstaad de earste twa wedstriden wûn. De tsjinstanners út Switserlân en Kazachstan waarden frij simpel mei 2-0 oan de kant setten.

Schuil en Nummerdor binne koartlyn Europeesk kampioen wurden en steane foar dit toernoai as twadde pleatst. Moarn moatte de mannen oan de bak foar it tredde groepsduel.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)