De Lemmer wint ynhelwedstriid

In soad taskôgers
In goede start wie it heale wurk foar Ale Zwerver fan De Lemmer, dy't tongersdei by de ynhelwedstriid fan it SKS-Skûtsjesilen op 'e Lemmer op in earste plak einige. De Jouwer wist nei in soad striid twad te bliuwen. Debutant Auke de Groot fan de Súdwesthoeke wist ûnferwachts op it lêste stuit it tredde plak te pakken.
Hoewol't Snits in falske start hie, sylden Snits en It Hearrenfean in skoft foaryn. Beide waarden yn it lêst lykwols oan alle kanten ynhelle.