Dokkumer Masinefabryk fallyt

24 jul 2008 - 12:01

It Dokkumer Masinefabryk, DMF, is fallyt ferklearre. Dêrtroch binne 13 minsken har wurk kwyt. DMF ûntstie begjin 2006 út it masinefabryk fan metaalbedriuw Prins. It bedriuw rjochte him op de bou fan spesjale masine-ûnderdielen, dy't gau levere wurde moatte. It fallissemint is feroarsake trochdat ien fan de opdrachtjouwers min draait. Neffens de kurator wurdt in trochstart dreech. It bedriuw hat gjin kapitaal en der binne net folle oarders.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)